Wêrom is de Europeeske Dei fan de Talen der?

 

Der hawwe nea mear mooglikheden west om te wurkjen of te studearjen yn in oar Europeesk lân, mar it ûntbrekken fan taalfeardigens wjerhâldt in soad minsken derfan dy mooglikheden benuttigje.

Troch globalisearring en ynternasjonale bedriuwsoernimmings hawwe boargers hieltyd mear ferlet fan feardichheden yn frjemde talen, om sa ek yn eigen lân effektyf wurkje te kinnen. Allinne Ingelsk is tsjintwurdich net mear genôch.

Europa tilt op fan de talen – der binne mear as 200 Europeeske talen en dêrneist wurde der noch folle mear talen praat troch boargers dy’t oarspronklik út oare parten fan ‘e wrâld komme. It is in wichtige boarne dy’t erkend, brûkt en koestere wurde moat.

Talen leare leveret in soad foardielen op foar jong én âld – bist nea te âld om in nije taal te learen en om fan de kânsen dy’t dat jout te genietsjen. Sels ast mar in pear wurden fan in taal witst yn it lân dêr’tsto op besite bist (bgl. op fakânsje), dan stelt dat dy by steat om nije freonen en/of kontakten te meitsjen.
Talen fan oaren leare helpt ús inoar better te begripen en sa oer ús kulturele ferskillen hinne te stappen.

 

DOELEN

 

Talekennis is in needsaak en in rjocht foar elk - dat is ien fan de wichtichste boadskippen fan de Europeeske Dei fan de Talen.
De algemiene doelstellings binne de bewustwurding te ferheegjen oangeande:

  • Europa's rike taalferskaat, dy’t ûnderhâlden en fuortsterke wurde moat;
  • De needsaak fan ferskaat yn talen dy’t minsken leare (ynklusyf it learen fan minder brûkte talen), dy’t meartaligens ta resultaat hat; 
  • It ferlet fan minsken om in beskate feardigens yn twa of mear talen te ûntwikkeljen, sadat se in folweardige rol yn it demokratysk boargerskip yn Europa spylje kinne.

…it komitee fan ministers besleat in Europeeske Dei fan de Talen út te roppen dy’t alle jierren op 26 septimber fierd wurde moat. It komitee advisearre dat de dei fleksibel en op lokaal nivo organisearre wurde moat, om sa yn ‘e mjitte te kommen oan de easken en middels fan de lidsteaten en sy sa better harren eigen oanpak kieze kinne. It komitee besleat ek dat der alle jierren in mienskiplik tema komme soe. It komitee fan ministers nûget de Europeeske Uny út om yn ‘e mande mei de Ried fan Europa oan it inisjatyf diel te nimmen. It is te hoopjen dat de dei mei de gearwurking fan alle oanbelangjende partners fierd wurde kin.

Beslút fan it komitee fan ministers yn de ried fan Europa, Strasbourg (776de gearkomste – 6 desimber 2001)