Hoe doch ik mei?

Der binne in soad manieren om de Europeeske Dei fan de Talen te fieren, ôfhinklik fan de tiid en it jild dat beskikber is.

Fan ienfâldich (byg. it organisearjen fan in filmjûn mei films yn ûnderskate talen, of in taalkafee dat spesjaliteiten út in skala fan lannen optsjinnet), oant aktiviteiten dy’t in soad jild kostje (bygelyks grutte media eveneminten). De ‘Calender of events’ hat in list oanlein fan alle aktiviteiten dy’t sûnt 2002 op de EDL webside publisearre binne en dat is in boarne fan ideeën. Op de side mei de tapaslike namme 'Get inspired' stiet in represintative seleksje!

Grut of lyts, it prinsipe is ienfâldich …

  1. Haw in goed idee (in evenemint, lykas in feest, wedstriid of diner) 
  2. Organisearje, meitsje it bekend
  3. Set it evenemint yn ús database,e
  4. Meitsje it wier!

Organisaasje fan de Europeeske Dei fan de Talen

De Ried fan Europa jout gjin rjochtlinen (of finansjele stipe) foar it organisearjen fan aktiviteiten. Lidsteaten en potinsjele partners krije de frije hân om de aktiviteiten sa te organisearjen as se wolle, mei it each op maksimale fleksibiliteit by it útfieren fan de dei

Nasjonale kontaktpersoanen

Yn de measte lannen is der immen dy’t de rol fan kontaktpersoan, tusken organisatoaren fan eveneminten en de Ried fan Europa, op frijwillige basis op him nimt. Dat hâldt ek yn it fersprieden op nasjonaal, regionaal en lokaal nivo fan ynformaasje en promoasje materiaal dat troch de Ried útbrocht wurdt.

Rol fan de Ried fan Europa
De Ried fan Europa hat de dei fan de talen opset en ferspriedt posters, stikkers en oar promoasje materiaal dat it ferskaat oan talen yn Europa sjen lit. It materiaal wurdt sintraal ferspraat oer de kontaktpersoanen. Sy binne ferantwurdlik foar de distribúsje op nasjonaal nivo, benammen om oan it ferlet fan de organisatoaren fan EDL eveneminten yn ‘e mjitte te kommen.