Wa kin der mei dwaan?


ELK kin op syn eigen wize oan de Europeeske Dei fan de Talen meidwaan.


Yndividueel of yn in groep, mei in organisaasje (skoalle of feriening) of gewoan mei freonen, minsken fan alle jierren kinne oan de Dei meidwaan. Elk kin meihelpe om de dei ta in sukses te meitsjen – troch mei de organisearre aktiviteiten mei te dwaan of yn ‘e mande mei oaren wat te organisearjen (ferjit net de ynformaasje yn de EDL-aginda te setten). Hjirûnder steane mar inkelde mooglikheden: 

LEARLINGEN/STUDINTEN: Om mear oer it ferskaat oan talen te learen kinne learlingen en studinten meidwaan oan ús aardige online aktiviteiten. Troch ús games en kwissen kinst de smaak fan meardere talen út Europa te pakken krije. Ast fan muzyk hâldst, kinst in muzikaal evenemint organisearje om it ferskaat oan talen en muzikale sjenres yn Europa oan ‘e man te bringen. Do kinst sokke optredens fia ús webside mei oaren diele.
 
DOSINTEN: Foar leararen dy’t lesjouwe yn talen of oare fakken, biedt de dei meardere mooglikheden: de kâns om te learen oer oare kultueren, tradysjes en talen dy’t gewoanwei net yn it klasselokaal oanbean wurde; de kâns om de kreative talinten fan learlingen te stimulearjen mei sketskes yn de talen dy’t sy prate, taalkafees op te setten en alle talen dy’t op de skoalle praat wurde út te ljochtsjen.
 
UNIVERSITEITEN/SKOALLEN: De Europeeske Dei fan de Talen is in goede kâns om de universiteit/skoalle en de stêd dêr omhinne te sjen as in plak dêr’t minsken mei ferskate eftergrûnen inoar moetsje, libje en mei-inoar omgeane en dêr’t talen florearje. Wêrom net diskusjegroepkes opsette tusken minsken fan ûnderskate taal eftergrûnen? Online sosjale netwurken binne in goede manier om sa’n wikselwurking op gong te bringen en do kinst op Facebook sels fan wurde fan de Europeeske Dei fan de Talen. Universiteiten of skoallen dy’t tichteby de grins mei oare lannen lizze, soene in reiske organisearje kinne om studinten fan de oare kant fan de grins te moetsjen. Skoallen kinne ek kompetysjes organisearje foar harren learlingen om taalfeardichheden oan te learen en te ferbetterjen.

ELKENIEN kin oan dizze dei meidwaan, sels ast allinne mar dyn bûtenlânske buorlju foar in kopke kofje útnûgest of dyn hûs fersierst mei de poster fan de Europeeske Dei fan de Talen. Do silst faaks net yn ien dei meartalich wurde, mar it sil dyn eachweid rommer meitsje en nei alle gedachten in aardige ûnderfining wêze, dy’t dy goed docht.