3. Measte minsken yn de wrâld brûke mear as ien taal.

Feit
“Mear as 50 persint fan de befolking fan de wrâld funksjonearret yn de deistige praktyk mei twa of mear talen. Mei oare wurden, meartaligens, net ientaligens, is de noarm. Der binne ferskate redenen wêrom’t ien twa- of meartalich is; âlden hawwe dy’t twa talen prate; ferhúzje nei it bûtenlân foar wurk; politike migraasje, dat makket dat yndividuën en famyljes in taal fan in nije mienskip leare moatte wylst sy wol bannen hâlde nei harren thúslân; ûnderwiis, wêrby’t bern bûtenlânske of twadde talen op skoalle oppikke; twa of meartalige mienskippen, dêr’t yndividuën yn de deistige praktyk wikselje tusken talen; en histoaryske barrens lykas de ûntdekkingen yn de 15de en 16e iuw dy’t laten ta koloanialisme, dêr’t de taal fan de koloanisator oannommen waard troch de minsken, en as lokale fariant fierder gie.”
Nayr Ibrahim (2015)
Folgjende fraach