Taalfeiten

Wisto dat...? 

01 Der tusken de 6000 en 7000 talen yn wrâld binne – praat troch 7 miljard minsken, ferdield oer 189 ûnôfhinklike steaten. 

02 Der likernôch 225 lânseigen talen yn Europa binne – sawat 3% fan alle talen mei-inoar yn ‘e wrâld. 

03 De measte talen yn Azië en Afrika praat wurde.
 

04 Op syn minst de helte fan wrâldbefolking twa- of meartalich is.

05 Europeanen yn harren deistich libben hieltyd faker mei frjemde talen yn oanrekking komme. It is dêrom wichtich om de ynteresse foar frjemde talen ûnder de Europeeske befolking te fergrutsjen.

06 In soad talen mear as 50.000 wurden hawwe, mar yndividuele sprekkers brûke dêr mar in fraksje fan: yn it deistich taalgebrûk brûke minsken faak deselde pear hûndert wurden.

07 Talen altyd mei-inoar yn kontakt binne en ynfloed opinoar hawwe: it Ingelsk liende yn it ferline in soad wurden en útdrukkings út oare talen en no liene Europeeske talen in soad Ingelske wurden.

08 In poppe yn it earste jier in soad ûnderskate lûden makket; nei likernôch in jier wurde de earste echte wurden sein; bern fan in jier as trije kinne sinnen meitsje; berne fan fiif jier kenne al in pear tûzen wurden.

09 De memmetaal gewoanwei de taal is dy’t immen it bêste ken en it measte praat. Mar der binne minsken dy’t ‘folslein twatalich’ binne. Lykwols, de measte twataligen hawwe yn ‘e regel in foarkar foar ien fan beide talen.

10 Meartaligens in soad foardielen hat: it makket it learen fan oare talen makliker, it ferbetteret it tinkproses en it makket it makliker om mei oare minsken en kultueren yn kontakt te kommen.

11 Twataligens en meartaligens hawwe ek ekonomyske foardielen: banen binne makliker beskikber foar minsken dy’t meardere talen prate en meartalige bedriuwen hawwe in better konkurrinsjeposysje as ientalige bedriuwen.

12 Talen binne allegearre mei-inoar ferbûn, krekt as in famylje. De measte Europeeske talen hearre by de grutto Yndo-Europeeske taalfamylje.

13 De measte Europeeske talen hearre by ien fan de trije grutte taalfamyljes: de Germaanske, Romaanske of Slavyske taalfamylje.

14 By de Germaanske taalfamylje hearre ûnder oare: Deensk, Noarsk, Sweedsk, Yslânsk, Dútsk, Ingelsk en Nederlânsk. 

15 Romaanske talen binne ûnder oare: Italiaansk, Frânsk, Spaansk, Portugeesk en Roemeensk.

16 Slavyske talen binne ûnder oare: Russysk, Oekraynsk, Wytrussysk, Poalsk, Tsjechysk, Slowaaksk, Sloveensk, Servysk, Kroätysk, Masedoanysk en Bulgaarsk.

17 De measte Europeeske talen brûke it Latynske alfabet, mar guon Slavyske talen brûke it Siryllyske alfabet. Gryksk, Armeensk, Geörgysk en Jiddysk hawwe harren eigen alfabet.

18 De measte lannen yn Europa hawwe in tal regionale of minderheidstalen – guon binne offisjeel erkend.

19 Net-Europeeske talen dy’t yn Europa it meast brûkt wurde, binne: Arabysk, Sineesk en Hindy, allegearre mei in eigen skrift.

20 Ruslân (mei 148 miljoen ynwenners) fierwei it grutste tal ûnderskate talen yn ien lân hat: 130 oant 200, ôfhinklik fan hokker definysje brûkt wurdt foar wat in taal is.

21 Troch de tastream fan migranten en flechtlingen is Europa foar in grut part meartalich wurden. Allinne yn Londen wurde al mear as 300 talen praat (Arabysk, Turksk, Koerdysk, Berbersk, Hindy, Punjaby, ensfh.).

No hast in hiel soad leard – wêrom dochst net mei oan de taalquiz?