Faak stelde fragen oer gebeartetaal

01

It wurd « dôf » begjint somtiden mei in haadletter en somtiden mei in lytse letter. Hat dat in reden?

Op it mêd fan Dôvestúdzjes ferwiist it gebrûk fan in haadletter ‘D’ yn it wurd ‘Dôf’ nei it lidmaatskip fan in mienskip fan Dôven en it gebrûk fan in lânseigen gebeartetaal as earste of foarkarstaal. It gebrûk fan de lytse letter ‘d’ yn it wurd ‘dôf’ ferwiist nei minsken dy’t in medysk fêststeld gehoarferlies hawwe, mar dy’t harsels net as lid fan de mienskip fan Dôven beskôgje, en dy’t net in lânseigen gebeartetaal brûke kinne. (sjoch Signed Languages in Education in Europe – a preliminary exploration”, Lorraine LEESON, Dublin. Council of Europe. 2006)

02

Binne alle gebeartetalen dôf en hast dôf?

Nee. Bern fan dôve minsken leare ek faak gebeartetaal; gebeartetaal sil dêrmei harren memmetaal wêze yn stee fan in sprutsen taal. Dêrneist leare âlden, bruorren en susters fan dôve bern ek gebeartetaal om de kommunikaasje makliker te meitsjen. Fierder binne der minsken dy’t gebeartetaal yn harren frije tiid leare, omdat se freonen hawwe dy’t dôf binne of dôvetolk wurde wolle, of gewoanwei yn taal ynteressearre binne.

 

03

Is de in universele gebeartetaal ?

Nee, dy is der net. Der binne in soad farianten en der kin mear as ien gebeartetaal yn in lân wêze, krekt as by mûnlinge talen. Der binne bygelyks twa gebeartetalen yn België (Frânsk Belgyske gebeartetaal en Flaamsk Belgyske gebeartetaal) of yn Spanje (Spaanske gebeartetaal en Katalaanske gebeartetaal). Ek binne der ûnderskate gebeartetalen yn lannen dêr’t deselde  taal praat wurdt, lykas yn it Feriene Keninkryk en Ierlân. Dat is it gefolch fan histoaryske ûntwikkelings dy’t oars ferrûn binne as dy fan de sprutsen talen. 

 

04

Binne der ‘famyljes’ by gebeartetalen (lykas by mûnlinge talen, bygelyks Romaanske of Slavyske talen), dy’t foar begryp oer en wer soargje?

Ja, der binne taalfamyljes by gebeartetalen. Bygelyks Eastenrykse of Nederlânske gebeartetaal binne foar immen dy’t de Dútske gebeartetaal ken, makliker te begripen as foar immen dy’t de Italiaanske gebeartetaal ken. Dêr foaroer stiet dat de Britske gebeartetaal hiel oars is as hokker oare Europeeske gebeartetaal en allinne in relaasje mei de Australyske gebeartetaal hat.

 

05



Is der in ynternasjonale foarm fan gebeartetaal, dy’t as ‘lingua franca’ beskôge wurde kin?

Der is in ynternasjonaal kommunikaasje-systeem dat meastentiids International Sign (IS) neamd wurdt. It wurdt geregeld brûkt by ynternasjonale konferinsjes en gearkomsten mei dielnimmers dy’t net in mienskiplike gebeartetaal hawwe. Dizze taal wurdt yndie as lingua franca brûkt ûnder gebeartetaalbrûkers út ûnderskate lannen, ek yn spontane petearen. It kin net mei  Esperanto ferlike wurde, omdat it net in taal om himsels is. It hat net in fêststelde grammatika of lexicon en is fierhinne ôfhinklik fan gebearten, dy’t allinne yn dy spesifike kontekst dy betsjutting hawwe, en brûkt de wurdskat fan de memmetaal fan dejinge dy’t de gebearten makket. Dat betsjut, gebearten wurde ferdúdlike en fakentiids wurdt der mear as ien gebeart brûkt om in begryp te omskriuwen om der  wis fan te wêzen dat it begrepen wurdt.

 

06

Binne gebeartetalen in werjefte fan sprutsen / skreaune wurden? 

Nee. It binne heech ûntwikkele talen mei harren eigen grammatika en syntaksis. Krekt as yn oare talen binne der útdrukkings dy’t dreech oer te setten binne en guon wurden/gebearten kinne net letterlik oerset wurde yn in oare (gebearte)taal.

07

Is der in standert foarm foar it meitsjen fan gebearten foar alle talen en besteane der, lykas by mûnlinge farianten, ûnderskate ‘dialekten’?;  

Der is besocht om gebeartetalen yn Europa te standerdisearjen. Krekt as by sprutsen talen wie dat besykjen gjin sukses en besteande dialekten noch altyd. Dat is in gefolch fan it feit dat skoallen foar Dôve bern, ferspraat oer it lân, eigen gebearten hawwe, dy’t de bern dan wer fierder ferspriede.

 

08

Hoefolle minsken yn de lidsteaten fan de Ried fan Europa brûke gebeartetalen?

It is dreech dêr in antwurd op te jaan. Yn alle lidsteaten binne net betroubere statistiken. Rûsd wurdt dat der yn de Europeeske Uny sa’n 750.000 Dôve gebeartetaalbrûkers binne. Trochsneed is likernôch 0,1% fan de befolking fan in lân Dôve gebeartetaalbrûker. Minsken dy’t gebeartetaal as twadde taal leare of bern fan Dôve âldelju of oare famyljeleden telle net mei. Rûsd wurdt dat der yn Finlân sa’n 5.000 gebeartetaalbrûkers binne, yn Frankryk 100.000 en yn Roemenië 20 oant 30.000.

 

09

Binne gebeartetalen oansletten by it Mienskiplik Europeesk Referinsjeramt (ERK) fan de Ried fan Europa foar talen: Leare, ûnderwize, evaluaasje, dêr’t al goed 35 talen oan meidogge?

It Frânske Ministearje fan Ûnderwiis wie dwaande mei it tarieden fan in bewurking fan parten fan it ERK (Frânske fersy) foar de Frânske gebeartetaal, benammen de mienskiplike referinsjenivo’s en beskriuwings.

10

Is der in manier om gebeartetalen te skriuwen?

Ja, gebeartetalen wurde op in tal manieren transkribearre. Der is net in standerdisearre manier om gebeartetalen te transkribearjen mar fakentiids wurdt it Hamburg Notaasje Systeem (HamNoSys) brûkt, dat beskate symboalen brûkt om de foarm fan de hân en de beweging fan it gebeart te beskriuwen. In oar systeem dat op ferlykbere wize wurket is SignWriting. Dêrneist wurdt faak ‘glossing’ brûkt, wêrby’t gebearten yn haadletterwurden oerset wurde dy’t de gesichtsútdrukkings sjen litte en grammatikale ynformaasje jouwe. Foar mear ynformaasje sjoch op: http://www.signwriting.org/, or http://assets.cambridge.org/97805216/37183/sample/9780521637183web.pdf (chapter on ‘conventions’), or http://www.sign-lang.uni-hamburg.de/projects/hamnosys.html.

11

Wêr kin ik it bêste mear ynformaasje oer gebeartetalen fine en hoe kin ik sa’n taal leare?

Jo kinne it bêste kontakt opnimme mei jo nasjonale organisaasje foar Dôven om mear te witten te kommen wêr’t lesjûn wurdt yn gebeartetaal en om mear kennis oer de nasjonale gebeartetaal te krijen. Ynformaasje oer alle Dôven organisaasjes yn de EU is online te finen op de webside fan European Union of the Deaf (EUD): http://eud.eu/EUD_Members-i-159.html (map). Mear ynformaasje is ek beskikber op de weside fan de World Federation of the Deaf: http://www.wfdeaf.org/members/ordinary-members/list-of-members.

 

Wy wolle Mark Wheatley en Annika Pabsch fan de Europeeske Uny fan Dôven (EUD -- www.eud.eu)   graach tankje foar harren substansjele bydrage oan dizze seksje.