Yn Europa wurde 700 miljoen Europeanen, fertsjintwurdige yn de 46 lidsteaten fan de Rie fan Europa, oanmoedige om, nettsjinsteande harren leeftyd, mear talen te learen. De Rie fan Europa is der fan oertsjûge dat taalkundich ferskaat in ynstrumint is om ynterkultureel begryp te fergrutsjen en dat it in wichtich elemint is yn it kulturele erfguod fan ús kontinint. Om dy reden fuortsterket de Rie fan Europa meartalichheid yn Europa..