Wat is de Europeeske Dei fan de Talen?
What is the European Day of Languages? |
It Europeeske Jier fan de Talen 2001, mienskiplik organisearre troch de Ried fan Europa en de Europeeske Uny, wie in sukses, miljoenen minsken yn de 45 dielnimmende lannen wiene derby behelle. De aktiviteiten wiene bedoeld om it taalferskaat fan Europa te fieren en it learen fan talen te stimulearjen.
Nei it sukses fan it Jier fan de Talen, hat de Ried fan Europa 26 septimber ta Europeeske Dei fan de Talen útroppen. De algemiene doelstellings fan de Europeeske Dei fan de Talen binne:
- It publyk foarljochtsje oer it belang fan it learen fan talen en ferskaat oanbringe yn it oanbod fan talen om meartaligens en ynterkultureel begryp te fergrutsjen;
- It befoarderjen fan in ryk taalkundich en kultureel ferskaat yn Europa, dat behâlden en oanmoedige wurde moat;
- It oanmoedigjen om libbenslang talen te learen yn en bûten skoalle, foar stúdzjedoelen, útwikseling, profesjoneel ferlet, as befoardering fan mobiliteit of gewoan foar de wille.
Op 26 septimber 2011 wie it de 10e jierdei fan de Europeeske Dei fan de Tâlen (EDT), dy’t by de Ried fan Europa likegoed as yn de oare 46 lidsteaten fierd waard.
FOAR WA IS DE EUROPEESKE DEI FAN DE TALEN?
De Ried fan Europa hopet dat dizze dei fierd wurdt troch nasjonale ynstânsjes yn de lidsteaten likegoed as potinsjele partners op de neikommende nivo’s, lykas:
- Beliedsmakkers (spesifike maatregels of diskusjes oer bygelyks taalpolitike kwestjes);
- Publyk (bewust meitsje fan de algemiene doelstellings fan dizze dei, ynklusyf it belang fan it libbenslang learen fan talen, begjinne hoe âld men ek is, yn skoallen, op it wurk, ensfh.);
- Frijwilligersorganisaasjes (spesifike aksjes troch en / of foar NGO's, ferienings, bedriuwen, ensfh.).